Partij voor de Dieren easket ein oan de einejacht

24 mrt 2016 - 16:14

Der moatte gjin wylde einen mear deasketten wurde. Dat fynt de Partij voor de Dieren yn Fryslân. De provinsje hat yn 2012 in ûntheffing foar fiif jier jûn foar de jacht op einen, fanwegen de skea dy't se oanrjochtsje. Mar de ôfrûne tiid is de populaasje wylde einen folle lytser wurden.

En salang't net dúdlik is hoe't dat kin, fynt de Partij voor de Dieren dat der gjin einen mear ôfsketten wurde moatte. Boppedat is der de ôfrûne jierren gjin skea troch einen mear melden, seit de partij, dus de needsaak foar it ôfsjitten is der ek net.

Dêrom moat de provinsje de ûntheffing ynlûke, fynt de partij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)