Motorrider krijt 60 oeren wurkstraf foar oanriden fytser

Justysje © Omrop Fryslân
In motorrider dy't maaie ferline jier op It Krúspaed by Sondel in hurdfytser oanriden hat, soe 60 oeren wurkstraf krije moatte. Dat fynt de offisier fan justysje. De 38-jierrige motorrider út Sint-Nyk bedarre yn in bocht op de ferkearde helte fan de dyk en kaam dêr yn botsing mei de hurdfytser. Dy bruts troch de fal ûnder oare acht ribben en rûn in klaplong op.
"Motor nea wer oanrekke"
De offisier fan justysje hat by syn strafeask rekken hâlden mei it feit dat de motorrider nea earder yn oanrekken west hat mei justysje en dat er skuldbewust foar de rjochtbank siet. De man fertelde de rjochter ek dat er nei it ûngelok syn motor net mear oanrekke hat. As warskôging soe er ek noch in wurkstraf fan 30 oeren krije moatte, sa fynt de offisier fan justysje.