Skoalbiblioteek moat VMBO-learlingen oan it boeklêzen krije

Hoe krije je VMBO-learlingen oan it lêzen? Mei dy fraach geane de dielnimmers oan it projekt Bieb op School de kommende tiid oan de slach op OSG Sevenwolden op It Hearrenfean.
Yn de lessen wurdt ekstra omtinken jûn oan it lêzen en de bern kinne fergees boeken liene yn de spesjale skoalbiblioteek. It oanbod fan dizze biblioteek is oanpast oan de ynteresses fan de bern. Sa hoopje de skoalle en de biblioteek de bern oan it boeklêzen wenne te litten.
Der wurdt ek byhâlden hoefolle oft de bern gebrûk meitsje fan de biblioteek. Sa kinne meiwurkers fan de skoalle sjen oft it lêzen foarútgiet of net. OSG Sevenwolden is de earste Fryske VMBO-skoalle dy't úteinset mei dit projekt.