Histoarikus Henk Oly krijt fjouwer-jierlikse Eekhoffpriis

Henk Oly fan it HCL op it Naauw yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Histoarikus Henk Oly hat fan de gemeente Ljouwert de Wopke Eekhoffpriis 2016 krigen. De priis wurdt alle fjouwer jierren útrikt oan dyjinge dy't de bêste bydrage levere hat oan it lokaal histoarysk ûndersyk.
Oly krijt de priis foar syn folsleine oeuvre oer de skiednis fan Ljouwert. Sa hat er in protte ûndersyk dien nei strjitnammen en húsnammen yn de stêd. De sjuery neamt Oly in "uitmuntend vertegenwoordiger van publieksgeschiedenis".