Ald-bestjoerder Pé Miedema (73) ferstoarn

24 mrt 2016 - 12:09

Yn syn wenplak Heech is moandei Pé Miedema stoarn. Miedema wie jierrenlang foaroanman fan it kristlike boerebûn CBTB, dat letter opgie yn LTO Nederlân. Yn 2012 naam er ôfskied as foarsitter fan it Nasjonaal Park Alde Feanen. Ek wie Miedema polityk aktyf, sa wie er foarsitter fan it CDA gewest Fryslân.

Pé Miedema is 73 jier wurden. Sneon wurdt er yn Snits kremearre.

Trefwurden: 
Pé Miedema
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)