Grutte drokte by Ljouwerter V&D fanwegen ferkeap foarried

Inkelde hûnderten minsken binne op it stuit yn de V&D yn Ljouwert om harren slach te slaan. It fallite warenhûs gie tongersdeitemoarn wer iepen, om de restanten fan de foarried te ferkeapjen. It is tige drok yn de winkel, benammen by de kassa's.
Oare V&D fêstigings yn Nederlân diene woansdei de doarren al iepen. Dêr is it lûd dat de koartingen ôffalle. Yn Ljouwert sit op de measte produkten 20 persint koarting. De ferwachting is dat de koarting yn de rin fan de tiid oprinne sil.
De V&D bliuwt foarearst in oantal wiken iepen. De winkel gie yn febrewaris fallyt, de meiwurkers binne ûntslein.