Sterre (7) en Mats (5): "In telefyzje is in dom ding"

24 mrt 2016 - 08:02

Wa't witte wol hoe't de alderearste webside ea der út seach, kin fan tongersdeitemiddei ôf yn Snits telâne. Dêr is dy webside te sjen, draaiend op de earste webserver ea, in NeXT Cube-kompjûter. Dy is ûntwurpen troch Steve Jobs, de man achter Apple.

De webside út 1991 is te sjen yn in saneamd Experience Center fan it Snitser technologybedriuw Snakeware, dêr't minsken ûnderfine kinne wêr't de hjoeddeistige technology wei komt. Der steane hiele âlde kompjûters, mar ek hiele nije.

Tebeksjen
"De eerste website is gewoon een witte pagina mei tekst, een uitleg over hoe je op deze nieuwe manier kunt communiceren" seit Ate van der Meer fan Snakeware. "Tegenwoordig hebben we video, live-interactie, spraakherkenning... Daarom hebben wij gezegd: we gaan even terug naar het verleden. Daarmee willen we ook mensen meenemen naar de toekomst. Want het gaat morgen weer sneller dan gisteren."

Jonge bern
De webside wurdt ûntbleate troch learlingen fan de Steve Jobsskoalle yn Snits. It is belangryk om oan te sluten by jonge bern, seit Van der Meer. "Dat is het talent van overmorgen. Ik heb een dochter van 7, Sterre, en Mats van 5, en die vinden een TV een dom ding, want je kunt er niet eens op swipen. Dat doet je als ouders verbazen, en dan denk je: ze hebben nog gelijk ook."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)