UNIS Flyers ferliest finale fan Herentals: 5-1

UNIS Flyers hat woansdei de tredde wedstriid yn de finale fan de BeNe Liga ferlern mei 5-1 fan it Belgyske HYC Herentals. De ploegen wienen yn de earste perioade oan elkoar weage, dy perioade einige yn 1-1. Tony Demelinne skoarde foar de Flyers. Yn de twadde perioade rûnen de Belgen út nei twa kear in man-mear situaasje. Nei dy twadde perioade wie de stân 3-1. De Feansters krigen wol kânsen, mar de keeper fan Herentals wist de puck út syn goal te hâlden. Oan de ein fan de tredde perioade koenen de Belgen noch twa kear skoare.
De tuskenstân yn de beste-fan-trije searje wie nei twa wedstriden 1-1. De wedstriid fan woansdei by HYC Herentals yn België moast útslútsel jaan. HYC Herentals wie dus sterker as de UNIS Flyers.