Follybalfroulju Snits pakke winst nei spannende fiifsetter

De follybalfroulju fan Snits binne wer in stapke tichteby it heljen fan de finale fan it Nederlânsk kampioenskip. De Snitsers wûnen woansdeitejûn yn de eigen sporthal mei 3-2 fan Alterno út Apeldoorn.
De earste set wie maklik: 25-17. Yn de twadde set wie it dreech doe't Alterno mei fjouwer punten foar kaam oant 16-12, mar dêrnei knalde Snits der wer oerhinne mei 25-19. Yn de tredde set gong it lyk op oant de ein, mar pakte Alterno noch krekt de winst mei 26-24.
Yn de fjirde set pakten se fuort in 9-3 foarsprong, mar Alterno knokte him werom en kaam sels mei 13-11 foar. Dy foarsprong joegen se net mear út hannen en se pakten de fjirde set mei 25-18. Yn de allesbeslissende fyfde set waard it 5-3, mar Alterno kaam wer mei 7-6 foar. Op 9-7 pakte Snits in foarsprong en dy joegen se net mear fuort. De fyfde set waard mei 15-9 wûn.
Snits stiet noch wol op it earste plak. It gat mei de de nûmer trije Set Up '65 is noch altyd 4 punten. Set Up wûn yn fiif sets fan Eurosped TVT en pakte dêrmei ek twa punten. De earste twa spylje de finale. Sneon spilet Snits út tsjin de nûmer twa Sliedrecht. Dy ploech wûn fan de nûmerlêst Zwolle mei 3-0. Der binne noch trije wedstriden te spyljen.
Stân
1 VC Sneek 7-20
2 Sliedrecht Sport 6-19
3 Set Up '65 7-16
4 Alterno 6-12