SC Cambuur wint oefenwedstriid fan ONS Snits

© Dijks fotografie
De oefenwedstriid tusken ONS Snits en SC Cambuur is woansdeitejûn mei 4-3 wûn troch de Ljouwerters. Yn Snits wienen beide ploegen oan elkoar weage. Harvey de Boer iepene de skoare yn de 41ste minút, eefkes letter makke Rai Vloet de lykmakker.
Nei rêst sette Jacob Noordmans de Snitsers wer op foarsprong, mar ek dat duorre net lang. In pear minuten letter waard it 2-2 troch in goal fan Kevin van Veen. De Ljouwerters rûnen dêrnei fierder út nei goals fan Jergé Hoefdraad en Rosheuvel. Flak foar de ein skoarde Ale de Boer nochris foar ONS.