Greet Elsinga: "Ik bin in kloklieder, ha neat ferkeard dien"

23 mrt 2016 - 19:43

"Ik bin in kloklieder en ha neat ferkeard dien." Dat sei Greet Elsinga fan it Harnzer resjerzjeburo Marple woansdei foar de rjochtbank yn Assen. Se fjochtet har ûntslach by de Plysjeakademy oan dêr't se yn 2014 ûntslein waard.

Se hie net trochjûn dat se mei har eigen resjerzjeburo in fraude-ûndersyk die foar de provinsje Drinte. Dêrby binne ûnder oaren telefoans ôfharke en is gps-apparatuer ûnder auto's pleatst. Binnen seis wiken heart Elsinga oft har ûntslach terjochte wie of net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)