Maratonploech fan Jillert Anema moat nije sponsors sykje

Arjan Stroetinga © awfoto.nl
Royal A-ware en Fonterra hâlde as sponsors op fan de maratonploech fan coach Jillert Anema. It team giet wol gewoan troch, allinne wurdt socht nei nije ko-sponsors. Der binne al petearen mei mooglike kandidaten, lit Bert Jonker fan haadsponsor Clafis witte.
It langebaan- en it maratonteam gean gewoan troch mei gearwurkjen, sa as se no ek al dogge. Dêryn ride ûnder oaren Jorrit Bergsma, Heather Richardson-Bergsma en Arjan Stroetinga. De ploech wurdt wol wat lytser. No sitte der 15 reedriders yn 'e ploech, mar dat sil wat omleech gean.
Om't it tal trainers wol lyk bliuwt, komt der mear persoanlik omtinken foar de reedriders. Begjin april moat mear dúdlik wurde oer hokker riders de ploech foarmje sille.