Ald-riedslid Sikke Marinus erkent skuld, mar hat gjin spyt

23 mrt 2016 - 16:22

Ald-riedslid Sikke Marinus fan Opsterlân erkent dat er him skuldich makket hat oan belangeferfrisseling, mar hy hat gjin spyt fan wat er dien hat. Dat skriuwt it riedslid fan Opsterlands Belang yn in ferklearring, dy't de gemeente woansdei nei bûten bringt.

Sikke Marinus besocht as riedslid de wethâlder en amtners entûsjast te krijen foar it bedriuw Springth, dêr't syn frou eigener fan is. De gemeente is mei dat bedriuw yn see gien om minsken mei in útkearing wer oan it wurk te helpen.

Helpe

In ûndersykskommisje fan it buro Berenschot hat dêr in hurd oardiel oer jûn en sprekt fan 'belangenverstrengeling'. Marinus jout it ûndersyksburo no gelyk, mar jout tagelyk oan dat hy der gjin finansjeel foardiel fan hân hat.

Marinus seit dat hy allinnich mar graach wurkleaze minsken wer oan it wurk helpe woe. Fan de fiif minsken dy't holpen binne troch it bedriuw fan syn frou, hawwe trije in betelle baan krigen. Dêr is Marinus grutsk op. Hy seit ek dat hy syn lobbywurk nea yn it geheim dien hat en dat hy transparant wurke hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)