Fynst makket iuwenâlde fibula kompleet

By Dokkum is in hiel bysûndere fibula fûn. De mantelspjelde út de lette fyfde of begjin sechsde iuw is fûn troch Wytse Tjepkema fan Blije. It giet om in Skandinavysk ferguld sulveren spjelde fan goed fiif sintimeter lang. Hy fûn it al ôfrûne hjerst, mar de fynst is no bekend makke troch it Fries Museum.
It bysûndere is dat it om in kopplaat fan in fibula giet dy't past by in foetplaat. En dy is in pear jier earder op ûngefear itselde plak fûn troch Tjeerd Hiemstra, in detektormaat fan Tjepkema.
Foarrinner
It stik is in foarrinner fan lettere mantelspjelden, lykas de fibula fan Winaam. Op de spjelde binne fersieringen út de Noardske mytology. Op twa plakken is nei alle gedachten Wodan (Odin) ôfbylde tusken twa dierlike figueren.
It bysûndere stik is fan 29 maart ôf te sjen yn it Fries Museum. Dêr makket it diel út fan de tentoanstelling 'Goud - Gevonden schatten uit de middeleeuwen'.