Direkteur Elfstedenhal: "Wy hawwe in geweldich seizoen hân"

De Elfstedenhal yn Ljouwert hat in poerbêst earste jier hân. Sa'n 180.000 besikers hawwe der sûnt septimber 2015, doe't de hal foar it earst iepengie, op redens stien. Yn it foar wie, om it finansjeel klear te spyljen, rekkene op 155.000 minsken.
"Wy hawwe in geweldich seizoen hân mei in soad positive reaksjes", sa seit direkteur Johan van der Kooi. "It hat in goed beslút west om de nije hal hjir del te setten."
De iismasters binne fan woansdei ôf dwaande mei it fuortheljen fan it iis. Dat is noch in hiele operaasje. It giet allinne al by de 400-meterbaan om sa'n 100.000 liter wetter. Dêrnjonken moat ek it iis yn 'e iishockeyhal en op it middenterrein fuorthelle wurde. Dat sil de kommende wike dien wurde.
Kompliminten
Iismaster Meindert Timmerman hat in soad kompliminten krigen oer de iisflier. Ek toppers út 'e reedrydwrâld hawwe him witte litten dat it goed iis wie. "Dat doet ons heel veel. Dat trotse gevoel heb je in het seizoen wel een paar keer", fertelt Timmerman.
It sil de kommende twa moannen rêstich wêze yn 'e hal, mar dêrnei begint de drokte op 'e nij. Ein maaie geane de masines wer oan foar it simmeriis, dat fan 13 juny ôf yn 'e Alvestêdehal lizze sil. De reedryd- en shorttracktoppers sille fan 't simmer yn Ljouwert traine, om't Thialf dan wer ferboud wurdt.