Meldings NL-Alert komme net altyd goed oer
De Feilichheidsregio hat tiisdei in soad fragen krigen oer it útstjoeren fan in NL-Alert nei oanlieding fan de grutte brân by it Ljouwerter metaalrecyclingsbedriuw Van der Meulen. Mei it NL-Alert warskôge de meldkeamer minsken foar de reek dy't frijkaam. Guon minsken krigen de melding net, oaren dûbel.
Neffens de Feilichheidsregio sjocht de meldkeamer yn Drachten yn welk gebiet de brân is en stjoert dêrnei it NL-Alert út fia stjoermêsten yn de omkriten fan de brân.
Elkenien yn dat gebiet dy't syn telefoan goed ynsteld hat, krijt dan in melding. Hoe't it komt dat guon minsken de melding tiisdei net of dûbel krigen, wurdt útsocht. De útkomsten wurde meinaam yn de evaluaasje fan de melding.