Razwan Popal is de earste Fryske jeugdkommissaris

Razwan Popal is woansdei presintearre as earste jeugdkommissaris fan Fryslân. De 16-jierrige Popal is foardroegen troch it Frysk Jeugdparlemint. Hy sil de Kommissaris fan de Kening John Jorritsma by ferskate aktiviteiten begeliede, lykas de krânslizzing op 4 maaie en it Prinsjedagontbijt yn Den Haach. Jorritsma sil Popal ek belûke by it tarieden fan syn deistich wurk.
De offisjele ynstallaasje fan Popal is yn de aprilgearkomste fan provinsjale steaten. Fryslân is de earste provinsje dy't in jeugdkommissaris hat.
De provinsje wol jongerein sa mear belûke by it wurk fan in regionale oerheid.