Provinsje seit 'nee' tsjin wynmûne by Reduzum

De provinsje jout gjin tastimming foar de komst fan in nije doarpsmûne yn Reduzum. Earder waard bekend dat de gemeente Ljouwert wol posityf is oer in nije wynmûne. It kolleezje fan deputearre steaten ferwiist nei it koälysjeakkoart, dêr stiet yn dat elk doarp meidwaan kin yn it wynmûnepark dat yn de Iselmar komt.
Deputearre Klaas Kielstra hat gjin boadskip oan de moasje dy't de Ljouwerter gemeenteried oannaam hat en hâldt fêst oan it stânpunt dat de provinsje gjin nije wynmûnen op it fêste lân ha wol.
De fraksje fan de PvdA hie Kielstra frege om mei te wurkjen oan de komst fan de mûne, mar de deputearre hat dit njonken him dellein.