Mearderheid Wytmarsum wol gjin azc yn kleaster

In mearderheid yn Wytmarsum sjocht de komst fan in azc yn it kleaster fan it doarp net sitten. Dat docht bliken út de enkête dy't doarpsbelang útdield hat. Ek blykt dat asylsikers wolkom binne, mar dat de ynwenners it net sitten sjogge om 200 flechtlingen op te fangen. Dat soene der tefolle wêze. Ek oer de mooglike lokaasje binne se net tefreden.
De gemeente hat útsteld om it kleaster yn it doarp as opfanglokaasje te brûken, mar 70 persint fan de ynwenners is dêr op tsjin. Der is mear stipe foar lokaasje It Fliet.
Yn in goed folle seal yn Wytmarsum waarden de resultaten tiisdeitejûn oan de ynwenners presintearre. Ek de riedsfraksjes en it kolleezje fan boargemaster en wethâlders wiene oanwêzich.
Sa'n 90 persint fan de útdielde fragelisten is troch de doarpelingen ynfolle.