"Bestriding muskusrotten is foarbyld foar oare provinsjes"

22 mrt 2016 - 20:39

Yn Fryslân binne hieltyd minder muskusrotten. Dat docht bliken út in ûndersyk fan Wetterskip Fryslân en ûndersiker Daan Bos fan ekologysk buro Altenburg & Wymenga. Neffens it Wetterskip is de bestriding fan muskusrotten yn ús provinsje in foarbyld foar oare provinsjes.

Dat der no noch sa'n bytsje muskusrotten oer binne is ôf te lieden oan it tal dat bestriders fange, sa seit it Wetterskip. Yn 1993 wiene it der noch 104.000, it ôfrûne jier stie de teller op 2079. 

Muskusrotten soargje foar in soad skea oan kaden en diken. Troch de bestriding te konsintrearjen yn de winterperioade wurdt foarkommen dat de bisten jongen krije kinne.

Der wurdt troch de mienskiplike wetterskippen noch hieltyd ûndersyk dien nei de bestriding fan de muskusrôt, doel is om yn juny mei de útkomsten dêrfan te kommen. It wetterskip krijt faak besite fan oare provinsjes en bestriders om te sjen hoe't suksesfol de jacht op de bistjes hjir is. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)