Jeugdoplieding SC Cambuur selsstannich fierder

22 mrt 2016 - 19:03

De jeugdopliedingen fan SC Cambuur en FC Grins sille fan takom jier ôf selsstannich fierder. De klups meitsje in ein oan de kombinearre fuotbaloplieding. Sûnt medio 2010 wurken se tegearre ûnder de namme Regionale Opleiding Groningen/Cambuur.

Der binne tusken de klups ôfspraken makke oer de ferdieling fan takomstige fergoedingen foar spilers dy't tusken 2010 en 2016 yn de mienskiplike oplieding spilen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)