Business Contact Dagen Noord yn it Ljouwerter WTC Expo

22 mrt 2016 - 17:03

Yn it Ljouwerter WTC Expo wurde tiisdei en woansdei de Business Contact Dagen Noord hâlden. Op it evenemint kinne bedriuwen, ûndernimmers en organisaasjes mei-inoar yn 'e kunde komme. Ek de oerheid is fertsjintwurdige.

Under lieding fan âld-deputearre Sjoerd Galema binne der ferskate presintaasjes en masterclasses en ien fan de sprekkers is deputearre Sander de Rouwe. Oare bekende nammen binne de fuotbaltrainers Foppe de Haan fan SC Hearrenfean en Marcel Keizer fan SC Cambuur en strafrjochtadvokaat Wim Anker.

Op de twadde dei wurdt de ûndernimmerspriis De HET! útrikt en is der in talkshow oer ûndernimmen en ynnovaasje.

Omrop Fryslân Radio is beide dagen fan 13:00 oant 18:00 live te belústerjen fanút it WTC Expo mei de programma's De middei fan Fryslân en Weistra op wei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)