Grutte brân op yndustryterrein yn Ljouwert

22 mrt 2016 - 18:21

Om fiif oere hinne hat de brânwacht tiisdeitemiddei it sein brân master ôfjûn foar de brân op yndustryterrein De Swette yn Ljouwert. Der wie in grutte brân by metaalrecyclebedriuw Van der Meulen oan de Einsteinstrjitte. It fjoer ûntstie yn in bulte isolaasjemateriaal. Der kaam in soad reek by frij. De brânwacht warskôge minsken om ruten en doarren ticht te hâlden en fentilaasje út te dwaan.

De Ljouwerter brânwacht rukte mei meardere ploegen út en ek de korpsen fan Marsum en Menaam wiene oanwêzich om it fjoer te blussen. Der wie ek in team oanwêzich foar mjittingen en ûndersyk nei de reekûntwikkeling. It is noch net dúdlik hoe't de brân ûntstien is.

Eigener Anton van der Meulen fan it troffen bedriuw is bot skrokken. Oer de mooglike oarsaak fan de brân seit er: "Waarschijnlijk een snijbrander, vonkje in de bult en voordat de jongens de brandblusser konden pakken was het al in de war." Van der Meulen koe noch neat sizze oer de hichte fan de skea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)