Provinsje ferbredet bocht yn Van Harinxmakanaal Frjentsjer

22 mrt 2016 - 14:27

In lestige bocht yn it Van Harinxmakanaal yn Frjentsjer wurdt der lang om let út helle. De kade wurdt oer in lingte fan 200 meter 10 meter breder útgroeven. It breder meitsjen is yn de bocht by it Levo-fabryk oan de Prins Hendrikkade. It bedriuw sil in part fan de produksje ferhúzje moatte foar it ferbreedzjen fan it kanaal.

Der wurdt noch oer praat mei de provinsje. Dy hat 9,1 miljoen euro beskikber foar it projekt. Der wurdt al hiel lang frege om it ferbreedzjen fan it kanaal. Benammen de beropsfeart hie in soad lêst fan de smelle bocht.

It wurk moat yn 2018 dien wêze. It projekt past yn plannen om it hiele kanaal geskikt te meitsjen foar grutte 'klasse fiif' skippen yn de beropsfeart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)