Frysk Lânboumuseum krijt twa bysûndere bylden fan kij

22 mrt 2016 - 14:07

It Frysk Lânboumuseum yn Earnewâld is twa bysûndere bylden riker. It giet om twa stiennen bylden fan lizzende kij dy't út it eardere Benninga's margarinefabryk yn Ljouwert komme. De bylden wiene dêr ynmitsele by de haadyngong fan it fabryk en binne ferbûn mei de histoarje fan it bedriuw.

Dat waard yn 1972 oernaam troch de firma Smilde fan It Hearrenfean. It gebou is yn 1979 sloopt. De bylden binne bewarre bleaun en giene nei neiteam fan de famylje yn Amsterdam.

Se binne no restaurearre en wurde op 10 april presintearre yn it museum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)