De Gordyk rjochtet eigen ûndernimmersfûns op

22 mrt 2016 - 13:52

De Gordyk krijt in eigen ûndernimmersfûns om plannen út te fieren dy't it ûndernimmersklimaat yn it doarp ferbetterje moatte. In stichting sil tenei toetse hokker plannen trochgean kinne en hoefolle jild dêrfoar beskikber komt.

It ûndernimmersfûns is ien fan de ûnderdielen fan it businessplan dat de ûndernimmersferieningen yn it doarp sels makke ha. Mei it plan wolle se De Gordyk oantrekliker meitsje, bygelyks troch it hâlden fan eveneminten en it better oanklaaien fan de iepenbiere romte.

It jild foar it fûns komt út de nije reklamebelesting dy't ûndernimmers mei yngong fan dit jier op eigen fersyk betelje. De opbringst wurdt rûsd op sa'n 120.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)