Ids Willemsma presintearret ûntwerp keunstwurk Sintrale As

22 mrt 2016 - 12:50

Keunstner Ids Willemsma presintearret tiisdeitejûn syn ûntwerp foar in nij keunstwurk foar it akwadukt yn de Sintrale As. It byld moat in earbetoan wêze oan de Burgumer boatebouwer Hendrik Bulthuis, dy't yn 1928 de sylboat BM-er tekene hat. It wurdt tusken de seis en sân meter heech.

It doarp hat him bot ynsetten om in keunstwurk foar him te krijen. Earder dit jier hat doarpsbelang in hantekenaksje holden om Rykswettersteat safier te krijen dat se tastimming jouwe foar it keunstwurk óp it akwadukt.

Mar no seit de makker dat it keunstwurk in tsiental meters fierderop miskien wol folle better ta syn rjocht komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)