Dieven naaie út mei syljacht út Warkum
Yn Warkum is moandeitenacht in kajútsyljacht stellen. It giet om in Rival 32 fan hast tsien meter lang. It jacht is blau mei reade biezen en hjit Kopanoar.
Der binne neffens de plysje gjin seilen oan board en de mêst soe platlizze. De dieven binne nei alle gedachten oer de Iselmar fuortfearn.