Minsken melde mear saken by Meld Misdaad Anoniem

22 mrt 2016 - 11:26

It tal meldings by Meld Misdaad Anoniem is it ôfrûne jier yn fergeliking mei 2014 tanaam nei 16.000. Yn Noard-Nederlân gie it oantal meldings omheech fan goed 1100 nei goed 1300. De measte meldings geane oer himpkwekerijen, drugs, fjoerwapens en yllegaal fjoerwurk.

Wat fierder opfalt is dat it oantal meldings oer bedriging omheech gie fan 4 nei 16. Opfallende saak dy't oplost is mei help fan Meld Misdaad Anoniem is de stellerij fan 33 lúkse fytsen dy't yn in fakânsjehûs yn Appelskea weromfûn binne.

Drugs en mishanneling

Ek de oanhâlding fan trije drugsdealers yn Ljouwert en de mishanneling op 'e Tsjûkemar, dêr't in man oanhâlden is foar it út de tiid slaan fan in 69-jierrige Harnzer, binne mei help fan Misdaad Anoniem oplost.

Fierders is yn Sint-Nyk in himpkwekerij mei mear as 8000 planten ûntmantele en waarden fiif persoanen oanhâlden. Lanlik binne 1900 fertochten oanhâlden en 1200 misdriuwen oplost.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)