"Je witte dat it barre kin, mar it bliuwt sa ûnwerklik"

22 mrt 2016 - 11:06

Europarlemintariër Jan Huitema fan Makkingea is bot skrokken fan de oanslaggen yn Brussel. Huitema sit yn Brussel en siet tiisdeitemoarn yn fergadering doe't er it nijs hearde. "Ik krige in melding op myn smartphone. Dan witst noch net fuortendaliks hoe slim as it is. Dat waard stadichoan dúdliker."

De fergadering en stimming gongen wol troch, mar doe't dúdlik waard dat it om in terroristyske oanslach gie en der deaden fallen wienen, hat de foarsitter de fergadering efkes stillein.

"Wy hawwe mei syn allen in minút stilte hâlden foar de slachtoffers", fertelt Huitema.

Net yn of út

De Makkingeaster sit no yn it gebou fan it Europeesk Parlemint. Dat is, lykas de rêst fan Brussel, ôfsletten. "Wy meie der net út. En minsken komme der hjir ek net yn." Hoe lang de sitewaasje duorje sil, wit de parlemintariër noch net.

"We folgje it nijs op ynternet en telefyzje. Tuskentroch besykje wy noch wat te wurkjen." In meiwurker fan Huitema siet tiisdeitemoarn yn de metro en stapte út op Malenbeek, it troffen stasjon. "It wie eins in gelok dat de fergadering fan 'e moarn sa betiid begûn", fertelt Huitema. Sels hat er in appartemint flakby it Europeesk Parlemint en giet altiten rinnendewei nei it wurk.

"Ferskriklik"

De gedachten fan Huitema binne no earst by de slachtoffers en de neibesteanden fan de oanslaggen. "It drigingsnivo wie al heech en je witte dat it gebeure kin. Mar as it dan echt gebeurt, komt it wol hiel tichtby. Ferskriklik."

Konstant ambulânses en sirenes

Anna van der Galiën studearret oan de NHL yn Ljouwert, mar rint op it stuit staazje by Neth-ER oan it Luxemburgplein yn Brussel. Dat leit ek by it Europeesk Parlemint. "Op het plein zijn continu ziekenauto's, je hoort de hele tijd sirenes en het verkeer zit muurvast", lit se witte. 

It is dreech foar har om har te konsintrearjen op har wurk. "Tot nu toe is er weinig werk verzet, omdat iedereen steeds berichtjes krijgt met hoe het is en of we veilig zijn." 
 
Van der Galiën hearde it nijs oer de oanslach op it fleanfjild en wie doe noch wol rêstich. Mar de oanslach op stasjon Malenbeek, op fiif minuten rinne fan har wurk, makket wol wat mear emoasjes los. "Toen kreeg ik echt de kriebels."

Yn de metro

Ek Robin van Bussel is studint yn Brussel. Hy folget de filmakademy. "Ik zat vanochtend net voor de aanslagen in de metro", meldt er skrokken. Van Bussel is no yn Overijse, op tweintich kilometer fan Brussel. Foar in workshopwike. "De concentratie tijdens de workshops is totaal weg, iedereen zit met zijn hoofd bij klasgenoten en vrienden of familie in Brussel."  

Jeljer Bouma wennet as Fries om utens yn Brussel. Hy twitteret oer de sitewaasje yn België...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)