Reizgers jouwe busferfier op de Waadeilannen hege sifers

© ANP
It busferfier op de Waadeilannen troch ferfierder Arriva krijt op 'e nij hege sifers fan de reizgers. Skiermûntseach hat mei in 8,5 it heechste sifer, de rêst fan de Waadeilannen krijt in 8,3. Reizgers wurdearje foaral de beleving fan de busrit.
De eilannen einigje as earste en tredde op de lanlike ranglist fan de OV-klantenbarometer. As twadde einige de feartsjinst tusken Rotterdam-Dordrecht en de Drechtstêden, in gearwurking fan Arriva en rederij Keninklike Doeksen. De treinen yn it Noarden krije in 7,4 as rapportsifer.
Freonlik
Reizgers fine it noflik dat de treinen op tiid ride en neame de meiwurkers freonlik. It busferfier fan Arriva yn Noard- en Súdwest-Fryslân en de stêdstsjinst yn Ljouwert krije mei in 7,4 in heech sifer, lykas de Q-liners tusken ûnder oare Drachten en Grins mei in 7,7.