Oanslaggen yn Brussel: wedstriid UNIS Flyers mooglik skrast

© Nicolien Sijtsema
De oanslaggen yn Brussel kinne ek gefolgen ha foar de iishockeyers fan de Feanster UNIS Flyers. Dy spylje tiisdeitejûn tsjin it Belgyske Herentals. Der binne no noch gjin berjochten dat de wedstriid útsteld wurdt, mar dat kin neffens foarsitter Henk Hoekstra elts momint feroarje.
Foarearst giet Hoekstra derfan út dat de wedstriid trochgiet en dat de bussen mei supporters fan de Flyers ôfsette kinne. Hoekstra wurdt troch it iishockeybûn op de hichte hâlden fan mooglike maatregels fan it Belgyske regear.