Betsjinningsflater oarsaak deadlik ûngelok Snits

© Kappers Media
In betsjinningsflater fan de bestjoerder fan de auto hat nei alle gedachten de oarsaak west fan it deadlik ûngemak yn Snits fan ôfrûne freed. Dat hat de plysje moandei bekend makke. In auto mei trije ynsittenden rekke doe te wetter oan de Balthuskade. De 54-jierrige bestjoerder fan Teksel en in 24-jierrige byrider, ek fan Teksel, binne freed as gefolch fan it ûngelok stoarn.
De tredde ynsittende, in Tekselse frou fan 50 jier, rekke ferwûne.