Maitiid sûnder aaisykjen: mingde gefoelens by fûgelwachters

De maitiid is moandei begûn en dat is te fernimmen. Mar in soad greidefûgels binne der noch net; neisoargers hoege dizze wike sadwaande net manmachtich it lân yn om nêsten te beskermjen.
De fûgelwacht fan Easterein komt foar 1 april hielendal net op it lân. It doel wie om mei bern út de buert it earste ljipaai te finen, mar dat is no fan de baan ta grutte teloarstelling fan de bern en ek fan de leden. Der is sneintejûn op guon plakken wol wat ôfflokt yn reaksje op de oprop fan it BFVW.
Twangmaatregel
Troch wol oan neisoarch te dwaan sûnder wedstriidelemint hopet it bûn te foarkommen dat der boeten útdield wurde. Freed naam it Ministearje fan Ekonomyske Saken it beslút ta in twangmaatregel mei in boete fan 2500 euro deis as der noch nei aaien socht wurdt.
Der binne ek fûgelwachters dy't folslein achter it beslút fan it bûn stean. Dat jildt bygelyks foar de fûgelwacht fan Grou. De kommende wiken sil it BFVW besjen hoe't se tsjin dat beslút fan it Ministearje fan Ekonomyske Saken yngean kinne. Dat is naam sûnder kennis fan saken, sa is it bûn fan betinken.