"Fiskferbod foar in part fan Noardsee is gjin goed idee"

It plan fan in groep wittenskippers om de fiskerij yn in grut part fan de Noardsee te ferbieden, is gjin goed idee. Dat seit direkteur Pim Visser fan Visned, de belange-organisaasje fan de seefiskerij. Seefiskers moatte elkoar dan bekonkurrearje yn in lytser gebiet en dat sil ten koste gean fan it tal fiskers.
Dêrtroch sille ek minder fiskersskippen de haven fan Harns oandwaan. Visser is net tsjin natuerbeskerming, mar fynt dat der per gebiet sjoen wurde moat oft in fiskferbod wol de goeie oplossing is.
De groep wittenskippers hat in brief nei minister Schultz-van Haegen stjoerd om dochs in grut fiskferbod yn de Noardsee yn te stellen. Se dogge dat no, omdat de Twadde Keamer woansdei prate sil oer beskermingsmaatregels yn ûnder mear it Fryske front, in natuergebiet yn de Noardsee.