Fraude en oplichting op ynternet, wat dogge je der tsjin?

It oantal gefallen fan fraude en oplichting fia ynternet is it lêste jier bot tanaam. Ut sifers fan de plysje docht bliken dat yn 2014 noch 60 minsken oanhâlden waarden, wylst dat der ferline jier al 400 wiene. Benammen oplichting fia ynternet nimt ta.
Neffens Ate van der Meer fan it Snitser ynternetbedriuw Snakeware is de lêste tiid it saneamde Ransomware yn opkomst. Derby gizelje kriminelen in kompjûter. De eigener moat dernei tûzenen euro's betelje om wer baas oer eigen kompjûter te wurden.
Dêrneist ynternette minsken hieltyd faker mei harren mobile telefoans en klikke dan earder troch nei ferkearde websides as wannear't se achter de kompjûter sitte.
As lêste warskôget Van der Meer minsken om goed op te letten wannear't wifi fergees oanbean wurdt. Kriminelen kinne fia dy ferbining mooglik oan gegevens út de telefoan komme.