Kollum: "Us achterlike Fryske tradysjes"

21 mrt 2016 - 08:32

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

"Tsjongejongejonge, wat hiene se it dêr yn Den Haach en Brussel de ôfrûne wike drok mei ús net? Alderearst kaam it nijs dat de nije Mediawet fan Sander Dekker lang om let dan dochs oannaam is, wêrmei’t wy as Omrop nei 28 jier ús selsstannichheid ferlieze. Fuort dêrnei lei it ministearje fan Ekonomyske Saken in twangsom op oan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten as der noch aaisike wurdt. Dêrby drige it ministearje mei de Flora- en Faunawet. En wy wiene noch mar krekt bekaam fan dit nijs, of Brussel liet fan him hearre. Samar ynienen meie ús skûtsjes fan 2018 ôf net langer as 20 meter wêze, as gefolch fan nije Europeeske wet- en regeljouwing.

Wat foar sin hat soks allegearre, hear ik jim tinken. No dat sit sa. Wy wenje hjir yn Fryslân neffens Den Haach en Brussel yn in achterstânsgebiet. Fryslân is in ûntwikkelingslân, dêr’t de befolking gigantysk efter de feiten oan rint. En dat hat allegearre ien oarsaak: ús Fryske tradysjes. Tradysjes as aaisykjen en skûtsjesilen soargje der foar dat wy neffens de hjoeddeistige noarmen en wearden noch yn de prehistoarje libje. En dêr moat feroaring yn komme. Wy Friezen moatte mei yn de ‘vaart der volkeren’.

Spesjaal foar dizze ûntwikkelingsmissy is der in ynternasjonale kommisje yn it libben roppen, mei leden út ferskate lannen. Dizze kommisje mei de namme Fryslân, Back to the Future, sil stik foar stik al ús tradysjes kritysk ûnder de loep nimme om dêrnei mei plannen te kommen om de boel hjir wer wat by de tiid te krijen. No is dizze kommisje strikt geheim, dus jo sille der fierder neat oer lêze yn oare media. Mar lit my no hiel tafallich de hân lein ha op in útlekt geheim stik út de swierbefeilige rjochtbank fan Amsterdam. Dêryn stean de alderearste plannen om ús Fryske tradysje ris flink ûnder hannen te nimmen.

It earste geheime plan dat ik yn hannen krige, giet oer it tradisjonele fierljeppen. ‘Met een stok over water springen is anno 2016 toch wel de meest achterhaalde manier om je voort te bewegen’, sa lês ik yn it útlekte stik. De kommisjeleden út Turkije pleitsje dêrom foar in 'luchtbrug' tusken It Heidenskip en Ankara. ‘Goed voor de internationale uitstraling van de sport’, sa stelle de inisjatyfnimmers.

It twadde plan giet oer de tradysjes by it keatsen. ‘Slaapverwekkend’ is de konklúzje fan de kommisje. Suggestje fan China is om fia matchfixing de spanning der wer wat yn te krijen. Mar echt dreech wurdt it as de kommisje in plan meitsje moat foar it updaten fan it Frysk damjen. De Russyske kommisjeleden stelle dan ek drastyske maatregels foar. ‘Alleen een Russische oppepper volstaat’, sa lês ik yn it stik. ‘Ons advies: onmiddellijke invoering van het dopingmiddel Meldonium.’

En ta beslút hat de kommisje in ambisjeus plan foar de Fryske fuotbaltradysje. Want ek dy is efterhelle. En boppedat fierstente braaf. Fansels wurdt der wolris wat skolden as Cambuur tsjin Hearrenfean spilet, mar fierder as in ferdwaalde stoeptegel tsjin it rút fan in supportersbus komt it net. Heech tiid foar modernisearring. Alle Hearrenfean en Cambuur supporters moatte dêrom ynkoarten op 'mensenrechtenschending' kursus. In hiele mûle fol, mar eins is it hiel simpel.

Stel, wy spylje mei ien fan de beide Fryske klups yn de takomst ea noch ris yn it bûtenlân, dan kin it fansels net sa wêze dat fonteinen gewoan stean bliuwe en dat wy as Friezen kreas in briefke fan 5 euro by in sigeuner yn de pet stopje, sûnder dat wy him of har dêrfoar kleinearre hawwe.

By de mensenrechtenschending kursus leare de fans alderearst liters bier te drinken op in plein, dêrnei krije se ynstruksjes hoe’t se de stuoltsjes troch it rút fan in restaurant miterje moatte, rasistyske leuzen skandearje kinne en dêrnei giet de kursusgroep de binnenstêd yn om dêr de boel ris flink te fernielen. Dat binne no ien kear de nije noarmen en wearden, sa stelt de kommisje.

Fryslân Back to the Future lit yn it útlekte stik witte dat it ynfieren fan al dizze maatregels noch wol efkes duorje kin. Utsein ien plan dat ferline wike al ynfierd is. ‘Laten we beginnen bij het begin. De meest achterlijke traditie der tradities, die we allereerst moeten aanpakken. De Friese taal.”
Sjoch, en dêr hie Sander Dekker tafallich noch wol in hiel goed mediaplan foar lizzen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)