Jongereinsintrum Boalsert slút doarren nei misdragings

It jongereinsintrum fan JeugdWerkBolsward is sûnt freed ticht, neidat guon jongeren harren misdroegen. Se hiene alkohol en/of drugs hân en der binne wat saken fernield. In wike lyn wie de jeugdsoas ek al in jûn ticht, neidat in bestjoerslid sjoen hie dat der hannele waard yn pillen. Doe is besletten strang op te treden.
Freedtejûn gie it dus wer mis. Der ûntstie in reltsje en jeugdwurkers ha doe besletten om it jongereinsintrum fuortendaliks ticht te dwaan. Dat wie om 11 oere jûns, wylst de soas iepen is oant 12 oere.
De sluting is yn alle gefallen oant en mei woansdei. Dan wurdt der fergadere oer de te nimmen stappen. Oant dy tiid wol Jeugdwurk achterhelje om wa't it krekt giet.