Plysje siket tsjûgen fan poging ta ynbraak by pompstasjon

20 mrt 2016 - 22:47
Argyffoto - Foto: Omrop Fryslân

Dieven hawwe sneontenacht besocht yn te brekken by it pompstasjon fan Gulf oan de Haadwei yn Damwâld. Dat meldt de plysje Noardeast-Fryslân op Twitter. De plysje is op syk nei tsjûgen.

(advertinsje)
(advertinsje)