Hurdrider op A7 moat rydbewiis ynleverje
In 29-jierrige automobilist fan Dokkum is snein oanhâlden op de A7 by Terwispel. De man ried 175 kilometer de oere, wylst op dat stik 120 tastien is. De plysje hat syn rydbewiis ynnaam. Hy krige ek nog in proses-ferbaal foar it net genôch ôfstân hâlden.