Studinten genêskunde helje hast 16.000 euro op

20 mrt 2016 - 19:18

Op de fjirde benefytjûn fan de stichting Medisch Benefiet Friesland is hast 16.000 euro ophelle foar de Stichting Expertise- en Logeercentrum Friesland (ELF). De jûn waard organisearre troch sân studinten fan de oplieding genêskunde yn De Koperen Tún yn Ljouwert. Der kamen sa'n 120 dokters, dokter-assistinten en ko-assistinten fan de Fryske sikehuzen op it evenemint ôf.

Mei it jild kin stichting ELF yn Earnewâld wykeinen opsette, sadat ferstanlik beheinde bern en jongeren dêr útfanhûzje kinne.

Ien fan de organisatoaren fan de jûn, Dyane Woudstra is tige wiis mei de opbringst: "Het was volgens mij een geslaagde avond met een mooi bedrag voor stichting ELF. Ik ben dan ook apetrots op mijn medestudenten en wat we samen hebben neergezet naast onze co-schappen!"

It inisjatyf waard stipe troch de bestjoeren fan de Fryske sikehuzen, medysk spesjalisten, lokale sponsors en ek meistudint Epke Zonderland. De stichting Medisch Benefiet Friesland bestiet sûnt 2012.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)