Twa kear sulver foar Tristan Bangma op WK baanhurdfytsen

20 mrt 2016 - 16:04

Tristan Bangma hat tegearre mei Teun Mulder twa kear sulver helle op it wrâldkampioenskip baanhurdfytsen yn de paralympyske sport. Op de tandem einigen Bangma en Mulder efter de Britten Niel Fachie en Peter Mitchell. Dat barde sawol op de 1 km tiidrit en op de sprint. Yn it Italiaanske Montichiari rieden de Britten oer ien kilometer in tiid fan 1.00.33. In dikke sekonde dêrefter einigen Bangma en Mulder mei in tiid fan 1.01.78.

Bangma komt út Donkerbroek en docht mei, omdat hy in fisuele handicap hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)