Fergees yn de trein mei it boek 'Broer'
Treinreizgers kinne snein wer fergees reizgje as se it boekewikegeskink meinimme. Dat is dit jier it boek 'Broer' fan Esther Gerritsen. It is de 15e kear dat haadsponsor NS dizze aksje hâldt. It foarmet de ôfsluting fan de jierlikse boekewike. Ferline jier wiene der goed 200.000 minsken dy't mei it boekewikegeskink yn de trein stapten.
Wa't op it trajekt tusken Amsterdam Centraal, Haarlem en Den Haag Centraal reizget, hat ek noch de kâns om de skriuwster te treffen.