Spannende wedstriid bringt UNIS Flyers dochs ferlies

19 mrt 2016 - 23:22
Foto: Nicolien Sijtsema

De iishockeyers fan de UNIS Flyers spilen sneontejûn it earste duel yn finale fan de BeNe Liga tsjin Herentals yn België. De earste perioade pakten de Friezen in knappe 3-0 foarsprong. De twadde perioade kaam Herentals sterk werom en waard it 3-3. De tredde perioade skoarden beide ploegen ien kear, dus 4-4. Yn de overtime skoarde Herentals de beslissende goal.

De finale is in bêste-fan-trije searje. De twadde wedstriid wurdt snein spile yn Thialf. As Herentals wer wint binne sy kampioen, oars folget tiisdei it beslissende duel yn België.

(advertinsje)
(advertinsje)