Snitser follybalsters weve ôf mei Eurosped

© awfoto.nl
De Snitser follybalfroulju ha sneontejûn yn trije sets mei Eurosped ôfweefd. De earste set wie foar de thúsploech, mei 25-19. Ek de twadde set gie mei 25-15 nei Snits en de tredde set einige yn 25-14. Nei 6 fan de 10 wedstriden stiet VC Snits no boppe oan yn de kampioenspûl mei 18 punten.
Sliedrecht hat út fiif duels twa punten minder. De nûmer 3 Set Up stiet op 14 punten. Woansdeitejûn spylje de Snitser froulju de krusjale thúswedstriid tsjin Alterno. By winst is in plak by de bêste twa, en dêrmei in finaleplak om de lânstitel, hast wis.