Ljochten gienen ek yn Fryslân út mei Earth Hour

19 mrt 2016 - 21:36

Ek Fryske ynstellingen dienen sneontejûn mei oan Earth Hour. By dit fenomeen, dat oer de hiele wrâld hâlden wurdt, giene de ljochten in oere út tusken 20.30 en 21.30 oere. Yn Ljouwert barde dat ûnder oare by poppoadium Neushoorn. Der wie ek in fakkeltocht yn de stêd.

Mei Earth Hour wolle minsken, bedriuwen en gemeenten op itselde momint in sinjaal ôfjaan dat se noed ha oer it klimaat en de takomst fan de ierde. Yn in soad lannen gienen ek de ljochten út fan byldbepalende gebouwen.

Dat barde earder ek mei de Eiffeltoer yn Parys, it Colosseum yn Rome en it Keninklik Paleis op de Dam yn Amsterdam. Tsien jier lyn waard Earth Hour foar it earst hâlden. No dogge sa’n 160 lannen mei. Nederlân docht sûnt 2009 mei.

Trefwurden: 
Earth Hour klimaat ljocht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)