SC Hearrenfean ferliest teloarstellend fan Heracles

SC Hearrenfean hat sneontejûn mei 1-0 ferlern fan Heracles. Beide ploegen krigen gjin grutte kânsen yn de earste healoere. Foar de ploech út Almelo makke Navratil yn de 33ste minút de iepeninsgtreffer nei't de Feansters net goed ferdigenen. Sam Larsson krige flot dêrnei in grutte mooglikheid op de lykmakker, mar Heracles-doelman Castro brocht rêding.
Nei rêst setten de Feansters wat mear druk, noch altyd op syk nei de lykmakker. De Friezen krigen noch wol wat kânsen, mar koenen dy net fersulverje.
De Feansters ha no 34 punten út 28 wedstriden.