Monumintaal gebou 'Utrecht' yn Ljouwert stiet te keap

It karakteristike gebou 'Utrecht' yn Ljouwert stiet te keap. Sûnt trije jier hiert teatermakker Jan-Dirk van Ravesteijn it gebou en hat dêr syn lytse, smûke teater De Vier Pelikanen. Syn hierkontrakt rint ein dit jier ôf.
It monumintale gebou út 1904 oan de Twabaksmerk hat oan de binnen- en bûtenkant tal fan Jugendstil-skaaimerken. It is oarspronklik as fersekeringskantoar boud.