Turnster Céline van Gerner docht wer mei

19 mrt 2016 - 16:37

Turnster Céline van Gerner is sneon as sechsde einige op de mearkamp by in wrâldbekerwedstriid yn Stuttgart. Dit wie har earste optreden wer sûnt juny ferline jier. Se hie lêst fan in hamstringblessuere. Dêrtroch miste se ûnder oare it WK dêr't de Nederlânske froulju har as team pleatsten foar de Olympyske Spelen.

"We hebben belangrijke stappen gemaakt" sei bûnscoach Gerben Wiersma oer it optreden fan de 21-jierrige turnster.

Nei fjouwer tastellen kaam Céline van Gerner út op in skoare fan 54,665. Sophie Scheder út Dútslân wûn de wedstriid.

Trefwurden: 
turnjen Celine van Gerner
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)