Gjin mjittings piip ôffaloven troch steuring mjitapparatuer

19 mrt 2016 - 14:28

De útstjit fan dioksine yn de skoarstien fan de ôffaloven yn Harns wurdt sûnt freedtemoarn net metten. By it wikseljen fan de kassettes fan de mjitapparatuer is in steuring optreden. Dy steuring wurdt pas moandeitemoarn ferholpen. De apparatuer is op fersyk fan de provinsje en de gemeente yn de piip ynstallearre om de útstjit fan dioksine te mjitten.

In ûnôfhinklik Dútsk bedriuw is ferantwurdlik foar de mjittings en kin net earder in monteur stjoere. Omrin mei net sels in monteur ynsette. De gewoane emissy-mjittingen funksjonearje wol.

Trefwurden: 
steuring ôffaloven Harns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)